12.000 hantekenings foar deputearre

Op woansdei 23 jannewaris 2013 ha Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging en Andries de Blauw fan de Freonen fan Omrop Fryslân goed 12.000 hantekenings oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries. Yn de petysje steane de beide organisaasjes derop oan dat Omrop Fryslân net as in regionale stjoerder behannele wurdt yn de nije mediawet mar in “status aparte” kriget. By it oerlangjen wiisde Benedictus derop, dat Omrop Fryslân de iennichste stjoerder is dy’t in folslein programma yn de twadde rykstaal fersoarget. De Omrop is dêrom fan ûnmisber belang om de Fryske taal yn libben gebrûk te hâlden. Mei de petysje hoopje de Ried en de Freonen dat Deputearre Steaten alles op alles sette sille om krekt mear as minder romte foar Omrop Fryslân te krijen.

P1050112-640x480

Deputearre De Vries sei dat se tige wiis wie mei it grutte tal hantekenings en dat se dit seach as in ekstra stipe yn har krewearjen foar mear romte foar de Omrop. Dat yn sa’n koarte tiid safolle hantekenings sammele binne, jout neffens har dúdlik oan dat in protte Friezen wiis binne mei de stjoerder. Se hoecht yn De Haach har net allinne te beroppen op de ôfspraken dy’t der yn it ferline makke binne op grûn fan de Europeeske ferdraggen, mar kin der ek op wize dat Omrop Fryslân in wichtich plak hat yn de Fryske mienskip, oan dizze petysje te sjen.

De Ried en de Freonen binne fan doel om ek yn De Haach op in gaadlik stuit de hantekenings oan te bieden oan de  Twadde Keamer.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

De volgende HTML-tags en -attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>